Nijs fan muzykferiening ‘Wubbenus Jacobs’
(artikel yn De Skille - Krystnûmer 2011)

Klik hier voor de: Nederlandse versie                                               Begjinside

Bêste minsken

Dit artikel is foar de Kryst Skille en dat betsjut dat it alwer nei de ein fan it jier rint.
De ôfrûne twa moannen hawwe wy as muzykkorps wer aardich wat aktiviteiten hân.
Op 8 oktober hienen wy ús jierlikse rommelmerk. Ek dit jier hawwe wy wer in protte guod krigen. De rommelmerk begûn om 09.00 oere, maar de earste besiker stie al om kertier
foar achten foar de doar. En tsjin njoggen oere stie der al in hiele rigele. Omdat it begûn te reinen hawwe wy de doar mar earder iependien. De besikers koenen ek meidwaan oan it "draaiend rad". Der wie ek wer kofje en eartesop te krijen en foar de bern wie der in grabbeltûne. De skjinne opbringst is sa'n 1.800,00. Elkenien dy't guod brocht hat en/of de rommelmerk besocht hat , tige tank! Wy moatte jim noch in opbringst fermelde en dat is dat fan de “Anjerfonds”-kollekte yn maaie fan dit jier. Lykas alle jierren binne leden fan de sjongferiening “Hallelujah” en it muzykkorps wer mei de kollektebus by de doarren lâns gongen foar it “Anjerfonds”. Dit jier hawwe jimme € 353,06 jûn (yn 2010 wie  de opbringst € 362,31). De opbringst yn hiel Súdwest-Fryslân wie € 4.250,51. Elkenien dy't wat jûn hat, tige tank!.

Op 29 oktober hawwe wy ek wer meidien oan it muzykfestival yn Parregea. Wy hawwe hjir fjouwer stikken spile: Down by the Sally Gardens (Iers folksliet), de mars Castell Coch
(in kastiel út de 19e ieu yn Wales), King Arthur (giet oer it ferhaal / leginde fan de Ingelske kening Arthur) en Floris (fan de TV-searje Floris).

Op 20 oktober hawwe wy ek wer meiwurke oan de lampioenoptocht yn Arum. Dit is noch in tradysje út de periode fan de feriening "Floralia" (oprjochte yn 1915 en ophâlden te bestean yn de jierren tachtich fan de foarige ieu).
Freed 11 novimber wie it wer Sint Maarten. Ek dit jier hawwe wy yn Achlum hjir ús meiwurking oan ferliend. It wie dit jier lokkich droech waar mar it wie wol kâld. De bern binne wer by de doarren lâns gongen om jild yn te sammeljen foar in goed doel: dat wie dit jier foar nij boartersark op it skoalplein.
Sinteklaas is op 26 novimber wer yn Arum oankommen. It wie de bedoeling dat hy mei in helikopter op it sportfjild lanne soe. Wy mar wachtsje en al wa 't kaam, Sinterklaas net. Wat die bliken, hy hie him fersind mei in oar plak (Marum). Úteinliks is Sinteklaas mei de helikopter lanne by de famylje Heslinga (Allengaweg). Jimmo hat him doe mar mei trekker en wein nei Arum by it sportfjild brocht. Dêr waard Sinteklaas ûntfongen troch wethâlder Wigle Sinnema en Griet Sijtsma. Nei in rûngong troch it doarp, ûnder begelieding fan Wubbenus Jacobs, kaam hy by herberch "De Gekroonde Leeuw" oan. Dêr hat Sinteklaas mei de Arumer bern feestfierd.
Op freedtejûn 2 desimber hawwe in pear leden en twa leerlingen fan ús korps sinteklaasferskes spile yn de winkel fan Spar Tolsma. De spar-klanten koenen dus ûnder de fleurige klanken fan dizze muzyk boadskipje.

By it ferskinen fan de Kryst Skille hawwe wy krekt ús winterkonsert op 11 desimber efter de rêch. Ús lêste optreden yn 2011 is de meiwurking oan de tsjerketsjinst op Krystjûn op 24 desimber yn de Griff. Tsjerke. Dit is it lêste optreden mei ús dirigint Sietske Fritsma.
Yn ferbân mei drokte thús kin hja har wurk net mear kombinearje mei it wurk foar ús muzykferiening. De tarieding foar de repetysjes en optredens ferget aardich wat tiid. Dus spitigernôch komt der per 1 jannewaris 2012 in ein oan hast 6 jier gearwurking mei Sietske Fritsma. Hja wurdt per 1 jan. 2012 opfolge troch Arjen Steur út Boalsert.

Dan wolle wy dit lêste artikel fan 2011 beslúte mei it elkenien tawinskjen fan segenrike Krystdagen en Folle Lok en Seine yn 2011

It bestjoer