.........  









































Wubbenus Jacobs
 
 - Begjinside
 - Bestjoer
 -
Leden
 - Dirigint
 - Finansjeel
 - Skiednis
 - Muzyk
 - Nijs
 - Aginda
 - Ûnderhâld
 - Foto's
 - Links-adressen
 - Kontakt

 - Ledenpagina

 - Berjochten
 oare korpsen


 - Programma's
 optredens

 
 -
Klankwijzer

 - Digitalus
 hosting & design


 







Nijs

                                                                                                                     2011

 Ús lêste optreden yn 2011 wie op 24 desimber. Doe hawwe wy meiwurke
 oan Krystjûn-tsjerketsjinst yn de Griff. Tsjerke.

 Snein 11 desimber hawwe wy in winterkonsert jûn. Dit konsert stie yn it
 teken fan w
interfeesten fan it ljocht, mythen, folklore en tradysjes. It konsert 
 wie in 
ôfwikseling fan ferhalen (troch Sietske) en muzyk. It publyk koe ek 
 nei fideobylden
sjen.

 Op freedtejûn 2 desimber hawwe in pear leden en twa leerlingen fan ús
 korps  sinteklaasferskes spile yn de winkel fan Spar Tolsma. De
 spar-klanten koenen dus  ûnder de fleurige klanken fan dizze muzyk
 boadskipje.



                                                                                                                      2011
 

 
Yntocht Sinteklaas
 Op 26 novimber hawwe wy Sinteklaas ek wer ynhelle. It wie de bedoeling 
 dat Sinteklaas mei in helikopter op it sportfjild lande soe. Wy mar wachtsje 
 en al wa 't kaam, Sinterklaas net. Wat die bliken, hy him fersind mei in oar
 plak (Marum). Úteinliks is Sinteklaas by de famylje Heslinga, oan de
 Allengaweg, bedarre. Jimmo hat him doe mar mei trekker en wein nei
 Arum brocht. En dêr waard de Goedhillichman ûntfongen troch wethâlder
 Wigle Sinnema en Griet Sijtsma. En nei in rûngong troch it doarp ûnder
 begelieding fan Wubbenus Jacobs kaam er by herberch "De Gekroonde
 Leeuw" oan. Dêr hat Sinteklaas mei de Arumer bern feestfierd.
 
 Foto's
 
                                                  

                                                                                                                     2011

 Freed 11 novimber wie it wer Sint Maarten. Ek dit jier hawwe wy yn Achlum
 hjir ús meiwurking oan ferliend. It wie dit jier lokkich droech waar mar it wie 
 wol kâld.
De bern binne wer by de doarren lâns gongen om jild yn te
 sammeljen foar 
in goed doel: it oantugen fan nij boartersark op it
 skoalplein. Nei ôfrin stie der kofje / thee en in "gevulde koek" foar ús klear.

 
 Op 20 oktober hawwe wy ek wer meiwurke oan de lampioenoptocht yn 
 Arum. Dit is noch in tradysje út de periode fan de feriening "Floralia"
 (oprjochte yn 1915 en ophâlden te bestean yn de jierren tachtig fan de
 foarige ieu)
.


                                                                                                                      2011
 
Festival Parregea
 Op 29 oktober hawwe wy ek wer meidien oan it muzykfestival yn Parregea.
 Wy hawwe hjir fjouwer stikken spile: Down by the Sally Gardens (Iers 
 folksliet)de mars Castell Coch (in kastiel út de 19e ieu yn Wales), King 
 Arthur (giet oer it ferhaal / leginde fan de Ingelske kening Arthur) en Floris
 (fan de TV-searje Floris).
     
                                                     

                                                                                                                     2011
 Rommelmerk
08 oktober 2011
 Om kertier foar achten stie de earste klant al by "It Iepen Hûs". En tsjin
 njoggen oere  stie der al in hiele rigele. Omdat it begûn te reinen hawwe 
 wy de doar mar earder  iependien. Ek dit jier hawwe wy ek wer in protte
 guod binnenkrigen. De besikers koenen ek meidwaan oan it "draaiend
 rad". Der wie ek wer kofje en eartesop te krijen en foar de bern wie der in
 grabbeltûne. De skjinne opbringst is sa'n
€  1.800,00. Elkenien dy't guod
 brocht hat en/of de rommelmerk besocht hat , tige tank!
  


                                                                                                                      2011
 Wenbuorkerij fam. Bakker - Fam. Rohn
 10 septimber is de de wenbuorkerij fan de famylje Bakker, van 
 Camminghaweg 34, offisjeel wer iepene / yn gebrûk nommen. In pear jier
 lyn waard de pleats troffen troch de wjerljocht en is de achterein ôfbrând.
 Op fersyk fan de famylje Bakker hawwe wy dizze “iepening” mei wat muzyk
 opfleure.

 Nei dit optreden, om 19.00 oere hinne, binne wy ek noch efkes nei “It Iepen
 Hûs” ta gien, want dêr fierden Nicky en Attie Rohn harren jierdei en it feit
 dat hja 25 jier troud wienen. Dêr hawwe wy doe noch efkes in serenade
 brocht. Dat wie foar de famylje in folsleine ferrassing.

                                                           

                                                                                                                     2011
 Aktiviteiten maaie - july
 
 Us lêste aktiviteit foar de fakânsje wie de BBQ op 13 july by
 M. van der Schaaf, Wytmarsum.

 
Sneon 25 juny wienen wy te hearren by it NK-keatsen foar jongens yn Arum
 (eartiids  de jongensbond). De keatsferiening hie in prachtich plakje foar 
 ús op it fjild.
Der stie in tine dêr't wy yn sitte koenen. No, dat wie gjin
 oerstallige lúkse want it wie reinich waar, al like it efkes as soe de sinne 
 der trochkomme, mar dat wie in lyts knipeachje. It hat hast net droech west.
 Lokkich sieten wy droech en soargen mei ús muzyk dochs foar wat fleur.
 En sa as elts tink wol wit hawwe de Arumer-keatsers foar de oare waarmte
 soarge: Hja hawwe de krânse wûn!.


 Op 22 juny wienen wy yn Achlum. De bedoeling wie om dêr in iepenloft-
 konsert te jaan en tagelyk de Achlkumer "4 daagse" rinners mei in fleurich 
 stikje muzyk binnen te heljen. Mar it wie min waar (rein en hurde wyn), dat 
 wy hawwe yn de hal fan it doarpshûs spyle.


 Op 12 juny (Pinkstersnein) hawwe wy meiwurke oan de tsjerketsinst yn de
 Griff. Tsjerke.


 Op 28 maaie hawwe mei wy meidien oan it konkoers op Skiermûntseach. 
 It oefenjen hat fertuten dien, want wy binne mei in 1e priis nei hûs ta gien.

 En dat nei in nacht op it eilân "sliept" te hawwen en wy de oare moarns al 
 wer om 7.00 oere neist ús bed stienen omdat wy betiid spylje moasten.


 Yn 'e wike fan 15-21 maaie hawwe wy en de sjongferiening "Halleluja" wer 
 mei de anjerfûns-kolletebus by jimme lâns west.
 De opbringst wie
  353,06. (2010: € 362,31). Elkenien dy't wat jûn hat, 
 tige tank!!
De opbringst yn hiel Súdwest Fryslân wie:
4.250,51.

 En wylst wy it sa drok hienen hawwe trije leden ek noch eksamen dien:
 Andrea en Sophia Vlug binne slagge foar harren A-diploma en
 Almer Zijlstra hat it C-diploma behelle. Lokwinske hjirmei.


                                                                                                                      2011
 Plante-aksje - Konsert Keninginnedei - deadenbetinking
 
De lêste wike fan april hawwe wy Arum en inkelde doarpen yn 'e omkriten
 wer opfleure mei planten dy't wy ferkocht hawwe om ús kas oan te 
 fullen. Dat is dit jier ek wer slagge. De skjinne opbringst wie sa'n
 € 2.400,00.
By dizzen: tige tank!!

 Op Keninginnedei joegen wy wer ús jierlikse kofjekonsert op it sportfjild. 
 Fanwegen de hurde wyn sieten wy achteroan it sportfjild yn 'e lijte fan de
 beammen. De bern wienen dêr dwaande mei harren spultsjes, wylst Siebe
 en Griet Bruinsma foar kofje, tee of fris soargen fan út de Raat.


 Op 4 maaie wie it wer de jierlikse deadenbetinking by it monumint. Dêr 
 hawwe wy koralen,"De Last Post en it "Wilhelmus" hearre litten
. Bern fan
 de basisskoallen liezen in gedicht foar. De oanwêzigen koenen blommen
 by it monumint dellizze.
                                                                                       

                                                                                                                       2011
 Stiperskonsert 19 maart                                          Nederlandse versie
 Op 19 maart hoopje wy wer ús jierlikse stiperskonsert te hâlden. It thema
 fan it konsert is "Het Wilde Westen". Ien fan de muzykstikken dy't wy
 útfiere sille is "Wieger wordt wakker". Learlingen fan ús korps en bern fan
 de basisskoallen sille hjir oan meidwaan. Yn dizze komposysje komme
 bern op in spannende wize yn 'e kunde mei it fanfarekorps.
Fierders
 wurde der stikken útfierd dy't wy ek op it Federatiefestival yn Parregea
 (30-10-2010)
en op it grutte HaFaBra-konsert yn Makkum (5-2-2011)   
 spile hawwe.
Twa leden fan ús korps sille yn twa muzykstikken de
 solo-party foar harren rekken nimme. Y
n it skoft is der in ferlotting.
 Plak: Grifformearde Tsjerke,
van Camminghaweg 15.
 Tiid: 20.00 oere. De tagong is
fergees. Nei ôfrin is der by de útgong in 
 kollekte.
 
Programma



                                                                                                                      2011
 Hafabrakonserten 5 febrewaris 2011
 Op 5-2-2011 wienen der hafabrakonserten troch 30 korpsen yn de 
 nije fúzjegemeente. Dizze konserten waarden yn 3 plakken jûn. Arum hat yn
 Makkum
spile. Fan ús korps hawwe der 14 leden oan meidien.

 Klik hjir foar mear ynformaasje. Foar it programma klik: hjir                                                                   

                                                                                                                       2010
 Nij bankje by Payesyl (Achlum)
 Ein novimber waard der ûnferwachts noch in berop ús dien troch de 
 "Freonen fan
de Slachte". Op 28 novimber moast by Payesyl (Achlum) in 
 bankje offisjeel yn gebrûk nommen wurde. Foar de muzikale omlisting
 hienen hja in muzykgroep frege. Mar dizze groep moast troch 
 omstannichheden ôfsizze. Doe hawwe se ús frege om hjir oan mei te
 wurkjen. Dat sadwaande hawwe sa'n 15 leden fan ús korps dit barren

 mei muzyk opfleure. It wie kâld. Fan sommige ynstruminten frearen de
 fentilen fêst.
Mar fierders is it al allegear goed beteard.


                                                                                                                     2010
 Far wol freon Wûnseradiel
 Op 29 maaie binne wy mei it sjongkoar "Hallelujah" nei "It Anker" yn  
 Makkum west foar de opname fan it liet "It Heitelân". Dit wie ús bydrage 
 oan de CD "Far wol freon Wûnseradiel". Dizze CD is in ôfskied fan ús
 gemeente, dy't per 01-01-2011 opgean sil yn de nije gemeente
 Súdwest-Fryslân. Alle doarpen yn Wûnseradiel hawwe in bydrage levere yn
 de foarm fan in liet. Foar Arum is foar it liet "It Heitelân" keazen omdat de
 skriuwer fan dit liet, Jan Linses van der Burg,  10 jier lang yn Arum wenne
 hat (1894 - 1904). Yn dizze perioade hat hy dit liet skreaun. Op 9 oktober 
 wie de presintaasje fan de CD (ynklusief in boek mei de tekst fan de lieten
 en foto's fan de 27 doarpen). Yn Arum wie  de presintaasje om 09.30 oere
 by it kafee "De Gekroonde Leeuw".  De CD + boek binne fergees en sil op
 elk adres yn Arum besoarge wurde.
   Foto's


                                                                                                                      2009

 Financiële
bijdrage St. tot Nut
 In december ontvingen wij bericht van de Stichting tot Nut, dat zij besloten 
 heeft om verschillende verenigingen en stichtingen een financi
ële injectie
 te geven, zodat deze financieel soepeler kunnen draaien. Wij zijn één van
 de verenigingen die een financiële bijdrage tegemoet kunnen zien.
 We ontvangen een bedrag van 
€  500,00. Dit is aan het einde van het jaar
 nog "in stik bûter yn 'e brij".
Dit geld kunnen we goed gebruiken, b.v. voor 
 de aanschaf van instrumenten.
 De Stichting tot Nut is door de Friesland Bank instaat gesteld om deze 
 financië
le bijdragen aan de verenigingen en stichtingen te doen.