Skiednis
De muzikale meiwurking
fan 10 ynhierde musikanten oan in skoalfeest yn
1919
wie de oanlieding om yn Arum in korps op te rjochtsjen. Mei in
yntekenlist waard f 300,-- ophelle. Dêr koenen 13 net al te bêste
muzyk-
ynstrumintenten foar kocht wurde. Doe wie der ek noch f 150,-- nedich
foar
reparaasjes. Dat bedrach waard byinoar swile troch it útjaan fan
rinteleaze-oandielen fan f 5,--. Der waarden 18 jongfeinten oplaad om de
musykynstruminten te bespieljen. It wie doe noch net wenst dat froulju
lid
wienen fan in muzykferiening. En sa waard it korps yn septimber 1920
oprjochte. Ûnder lieding fan de earste dirigint, de hear Wubbenus Jacobs,
hawwe
hja it oprêden. Wol moasten hja gauris oantrúnd wurde om troch
te
setten. Mar dêr kinne de measte korpsen wol oer meiprate. It
dirigintskip
fan de
hear Wubbenus Jacobs hat lykwols net lang duorre.
Hy
kaam by in ûngemak om it libben. Omdat it korps doe noch gjin
namme
hie, waard besletten it korps nei de hear Wubbenus Jacobs te
ferneamen.

Yn 1931 waard it dreech om de feriening yn
stân te hâlden.
De
hear J. Ferwerda út Harns, doedestiids dirigint, betanke as dirigint.
Foar
him yn it plak waard de hear Weisenbach út Penjum beneamd.
Weisenbach wie dêr haad fan de Kristlike skoalle. De kontribúsje foar
leden
ûnder 16 jier waard ferhege fan f 0,10 nei f 0,15 yn ferbân mei in
kastekoart fan f 5,50. Der waard hieltyd mar wer op hammere om thús te
oefenjen. Yn 1932 waard de hear Weisenbach opfolge troch de hear
Yme
Visser út Frentsjer. Syn lean wie f 4,-- de repetysje. Ek yn dat jier
waard
ôfsjoen fan lidmaatskip fan it Bûn fanwegens de "hege kosten".
De
foardielen woegen net op tsjin de skea.
Tiidens de jiergearkomste op 26 sept. 1935 waarden de leden troch
direkteur Yme Visser (sa waard in dirigint doe neamd) fûl
oanfittere om
thús
dochs foaral te studearjen. Dat is tige wichtich om eat te berikken.
Op'e
jiergearkomste yn 1937 waard besletten it skoft ôf te skaffen om sa
mear
lestiid te krijen. Yn 1938 stiet it faai mei de feriening. Opheffing
driiget. Der siet gjin kriich mear yn. 14 leden hawwe ûnder lieding fan
de
hear
J. Blanksma út Wytmarsum dochs trochsetten.
Dan
brekt yn maaie 1940 de twadde wrâldoarloch út. Tiidens de oarloch
is der inkele jierren net
repeteard. Nei de oarloch kamen alle leden wer
foar it ljocht en wurde de
repetysjes fuortset. Der wurde 9 jonge leden
oplaad
ûnder lieding fan de leden Mebus
van Gorkum en Jelle Broersma.
Famkes (froulju) melden harren no
ek oan. De hear van Gorkum wurdt ek
de dirigint. Yn july 1945 is it
Bûnskonkoers yn Menaam.
Mei "Feeferfier K. Miedema Arum"
reizgen de musikanten nei Menaam ta.
Mei it musykstik "Morgengloren"
waard in 1e priis yn de 4e ôfdeling helle.
Yn 1953 lúts de hear van Gorkum
him werom as dirigint. Der wie ferlet fan
in beropskrêft. De betûfte
dirigint C.G. Roelofsen útLjouwert naam de taak
op him om de muzikaliteit op in
heger peil te bringen en jonge leden op
te lieden.
Dêr is hy tige goed yn slagge. It
gong hieltiid "excelsior" en yn 15 jier tiid
berikten wy ûnder syn lieding de
eare-ôfdieling.

Mar
yn 1970 komt de hear Roelofsen troch in slimme sykte te ferstjerren.
Nei in proefperioade fan 3 moanne
wurdt yn 1970 de hear Piet
Lautenbach út Minnertsgea beneamd ta
dirigint.
Trochdat der in protte jonge leden
út Arum weigeane driiget yn 1972
opheffing fan de feriening. Mar de
dirigint en it bestjoer hâlde de kop
derfoar en sadwaande bliuwt de
feriening bestean, wol mei in lyts oantal
leden en der komme hast gjin nije
leden mear by. De hear Lautenbach
nimt yn 1993 ûntslach. It giet op
en del mei de feriening. Yn septimber fan
datselde jier komt de hear Andries
Kramer út De Jouwer by ús as dirigint.
Der wurdt alle war dien om jonge
leden der by te krijen. Troch mear
populêre muzyk en de besieljende
lieding fan Andries Kramer melde har
nije leden oan. Op 1 july 2000
jouwe wy in konsert yn ferbân mei it
80-jierrich bestean fan ús
feriening. Op 8 july 2000 trede wy op yn it ramt
fan de "Slachte-maraton" (
Simmer-2000 ). Dit is it lêste optreden ûnder
lieding fan Andries Kramer. Dat wy
moatte wer omsjen nei in oare dirigint.
Dat wurdt de hear Durk Krol út Drachten. Per 1 maart 2001
wurdt hy
beneamd.
|